Ôflevering 1: Ferhalen fertelle

Testamint fan de siel - Un pódcast de Leeuwarder Courant

Hylke Speerstra is ien fan Fryslâns grutste skriuwers en ferhalefertellers. No’t er 87 is, sjocht er mei Martine van der Steege fan de Leeuwarder Courant yn de podcast Testamint fan de Siel werom op syn libben en lit er in sprutsen erfenis nei.Nei syn sjoernalistieke karriêre stoarte er him op 60-jierrige leeftiid folslein op it skriuwen fan boeken, lykas It wrede paradys en De oerpolder. Testamint fan de siel is de titel fan syn alderlêste boek, mar it is ek wat dizze podcast is: in testamint fan Hylkes siel. Gewoanwei fertelt er de ferhalen fan oaren, mar no jout er himséls bleat. Noch ien kear fertelt Hylke alles wat er Fryslân efterlitte wol.Wêrom kin er net oars as ferhalen fertelle? Hat er noed oer it Frysk? En wat leit der foar him, no’t er syn lêste boek skreaun hat? Yn Testamint fan de siel hearst it yn fjouwer ôfleveringen.See Privacy Policy at https://art19.com/privacy and California Privacy Notice at https://art19.com/privacy#do-not-sell-my-info.See omnystudio.com/listener for privacy information.

Visit the podcast's native language site